Allinnich Firefox foar Android biedt sa folle manieren om
jo mobile sneupûnderfining echt fan josels te meitsjen.
De meast adaptive manier om wat te dielen. Quick Share ûnthâldt jo meast resint brûkte apps om jo nei winsk sizze te litten wat jo wolle.
Besjoch hoe't it wurket
Pas jo startpanielen oan mei winske webynhâld en benaderje direkt jo favorite feeds – lykas Instagram en Pocket Hits.
Besjoch hoe't it wurket
Jou jo startpanielen yn in winske foalchoarder wer of foegje se ta, ferstop en smyt se fuort nei eigen idee om jo favoriten by de hân te hâlden.
Mear ynfo
Foegje in winske sykmasine ta en meitsje dizze standert. Of wizigje dizze nei dejinge dy't it bêste by jo syk- en privacybehoeften past.
Besjoch hoe't it wurket
Genietsje fan in nofliker lêsûnderfining mei de Lêzerwerjefte en de Lêslist. Benaderje jo bewarre artikelen sels as jo net online binne.
Mear ynfo oer de Lêslist
Wizigje jo browsertaal fluch en ienfâldich, sûnder de ynstellingen foar jo hiele apparaat wizigje te moatten of sels jo browser opnij te starten.
Mear ynfo
Ferstjoer fideo’s en webynhâld fan jo snoadfoan of tablet nei TV’s mei stipe foar streamingmooglikheden.
Mear ynfo
Wy fine dat jo persoanlike gegevens fan jo binne. Firefox foar Android sit fol mei funksjes dy't helpe dit sa te hâlden.
Sneup sûnder jo skiednis, sykopdrachten of cookies te bewarjen, en blokkearje it folgjen fan jo gedrach op it web troch ûnsichtbere tredde partijen.
Mear ynfo oer PriveenavigaasjeSmyt jo navigaasjeskiednis, wachtwurden en mear mei ien tik fuort. Kies de priveegegevens dy't jo fuortsmite wolle wannear't jo dat nedich fine.
Lês hoe't jo jo skiednis wiskje kinneDiel jo browser mei freonen en famylje sûnder jo soargen te meitsjen oer it sjen fan inoars online aktiviteiten.
Lês hoe't jo jo browser diele kinneNim jo wachtwurden, blêdwizers, iepene ljepblêden en mear oeral mei jo mei. Brûk Sync op jo snoadfoan of tablet om alles wat jo fan jo buro-PC nedich hawwe te benaderjen – en vice versa – sûnder URL’s ûnthâlde te moatten.
Mear ynfo oer Sync