Jo binne registrearre en kinne jo Firefox no oeral en altyd benaderje.
Syngronisearje Firefox fan elke snoadfoan, tablet of kompjûter om jo blêdwizers, wachtwurden, ljepblêden en mear te benaderjen.
It liket derop dat jo in âldere ferzje fan Firefox brûke.
De nije ferzje fan Sync wurket allinnich mei de nijste ferzje fan Firefox
Sync is inkeld ien fan de bjusterbaarlike funksjes dy't jo allinnich yn Firefox fine.
Neidat jo jo e-mail kontrolearre hawwe en op de ferifikaasjekeppeling klikt hawwe, binne jo klear! Firefox sil fan ôf dat momint automatysk op de eftergrûn syngronisearje.
Neidat jo jo e-mail kontrolearre hawwe en op de ferifikaasjekeppeling klikt hawwe, binne jo klear! Ferjit net al jo oare apparaten te ferbinen om it measte út Sync te heljen.
Jo kieze hokker ûnderdielen fan jo Firefox jo syngronisearje wolle en wêr't jo dizze syngronisearje wolle. Nim jo iepene ljepblêden daagliks mei. Benaderje jo blêdwizers op it wurk. Wat, wannear en wêr dan ek.
Gean fan jo kantoar nei de bank sûnder mar wat te missen. Benaderje jo iepen ljepblêden op jo snoadfoan, of besjoch jo blêdwizers fan jo tablet.
Bliuw ferbûn mei al jo wichtige gegevens. Syngronisearje de wachtwurden en blêdwizers dy't jo op elk winske momint benaderje wolle. Krekt as Firefox is it sa feilich as it mar kin.
Hâld jo favorite websites by, of foltôgje it ferhaal dat jo thús begûn binne – wêr't jo ek nei ta gean. It is nea sa maklik west as mei Sync.