Wikselje yn in pear minuten fan Chrome nei Firefox
Switche nei Firefox is fluch, maklik en sûnder risiko. Firefox ymportearret jo blêdwizers, formuliergegevens, wachtwurden en foarkarren fan Chrome.
Mear lêzeDownload Firefox — Frysk
Jo systeem foldocht mooglik net oan de easken foar Firefox, mar jo kinne ien fan dizze ferzjes probearje:
Download Firefox — Frysk
Jo systeem foldocht net oan de easken foar it útfieren fan Firefox.
Jo systeem foldocht net oan de easken foar it útfieren fan Firefox.
Folgje dizze ynstruksjes om Firefox te ynstallearjen.
Firefox privacy
“Firefox Quantum, flugger en sels mear minimalistysk, lit Chrome der âld útsjen.” — (Digital Trends)
Bjusterbaarlik krêftige browsermasine? Tsjek. Minder wachtsje op it laden fan siden? Ek, tsjek. Firefox Quantum is twa kear sa fluch as Firefox ea wie.
Minder ûnthâldgebrûk betsjut mear romte om jo kompjûter soepel wurkje te litten. Jo oare programma’s binne jo tankber.
Oft jo der no 10 of 1.000 iepen hawwe, wikseljen tusken ljepblêden is flugger as ea mei de nije, responsive masine fan Firefox.
Switche nei Firefox is fluch, maklik en sûnder risiko. Firefox ymportearret jo blêdwizers, formuliergegevens, wachtwurden en foarkarren fan Chrome.
Mear lêzeDe meast krêftige priveenavigaasjemodus mei oanfoljende beskerming tsjin folgjen.
Firefox blokkearret onlinetrackers wylst jo surfe en ûnthâldt gjin skiednis neidat jo de browser ôfslute.
Guon advertinsjes befetsje ferburgen trackers dy't jo online folgje. Brutaal. Wy witte it. Dêrom hâldt ús krêftige funksje se tsjin.
Troch bepaalde advertinsjes en scripts dy't it browsen fertraagje te blokkearjen, wurden siden oant wol 44% flugger laden. Dat is in win-winsituaasje.
Ferienfâldige skermôfbyldingen. Meitsje en diel se daliks fan Firefox út. Gjin sykjen mear nei mysterieuze bestânsnammen op jo kompjûter.
It is de ultime bewraje-foar-letter-funksje, ynboud yn de arkbalke. Besjoch jo artikelen, fideo’s en siden op oare apparaten.
Firefox befettet ynboude stipe foar WASM en WebVR, ûntwurpen foar spultsjes fan de folgjende generaasje. Gjin ekstra ynstallaasje nedich!
Besparje tiid! Fyn al jo favorite ynhâld lykas bewarre Pocket-items, blêdwizers, skiednis, skermôfbyldingen en downloads op ien plak.
Pas Firefox oan mei tûzenen útwreidingen lykas LastPass, uBlock Origin, Evernote en mear.
Jou Firefox in make-over dy't by jo stimming past! Kies in nije foarmjouwing yn ús temakategoryen, of meitsje der sels ien.
Naadleas tagong ta wachtwurden, blêdwizers en mear. Brûk dêrneist ús funksje Ljepblêd ferstjoere om daliks iepen ljepblêden tusken desktop, mobyl en tablet te dielen.
Firefox wurdt makke troch Mozilla, de non-profit-foarfjochters fan in sûn ynternet. Mozilla hâldt harren ek dwaande mei kwestjes as privacy, desynformaasje en trolling troch te ynvestearjen yn gearwurkingen, kampanjes en nije technologyen, ûntwurpen om it ynternet sûner te meitsjen.
Moetsje Firefox Quantum.
Fluch foar it goede.